Baldrs Draumar - Fan Keardel En Skiep
Translated lyrics of Baldrs Draumar - Fan Keardel En Skiep to
- 42 hits
- Published 2024-03-07 00:00:00
- 0 Comments
- 0 likes
- Baldrs Draumar
- Fan Keardel En Skiep
- Translation by: panzas
Fan Keardel En Skiep
Langút oer de flier
Ik tútsje de grûn
Ik fiel wat sêfts, wa hat my hjir fûn?
In tút yn myn nekke, ik krôlje troch dyn hier
Myn ferstân bin ik ferlern, troch al it bier
Wêr sil ik hinne, wêr sil ik gean?
Al dy drank yn myn liif, ik kin net mear stean
Ik rin op 'e taast troch de tsjustere nacht
It is de drank dy't my om de kop slacht
Ik fiel myn hert rap bûnzjen
Dyn waarmte troch myn klean
Ik wol dyn lippen tútsje, besykje te stean
Myn hannen om dyn nekke, fiel ik dyn wiete tút
It twirjen fan dyn tonge, myn ljocht giet út
Wat hear ik no?
It is in nuver lûd
Hat immen hjir pine?
It is in bist yn noed
En dêr leit ús Beitske
Ferdomd ik bin yn de stâl
Sy laket my ta mei har grutte eagen
Tankewol alkohol
Por el momento, a nadie le gusta este artículo
Comments
Hey! You're in luck, no one has commented on this article yet. Be the first one and leave your comment.
You need to be registered to leave comments.
Log in with your user account and enjoy all the benefits.
Create your account ó Sign in / Log in